Steaten prate oer Nij Thialf

05 jun 2013 - 11:26

Op www.omroplive.nl is woansdei it debat oer Nij Thialf te folgjen. Fan 14.00 oere ôf wurdt it realisaasjebeslút oer Nij Thialf besprutsen yn de steatekommisje. Neist ferantwurdlik deputearre Hans Konst is ek kommissaris fan de Kening John Jorritsma oanwêzich om in taljochting te jaan op it artikel dat sneon yn it NRC ferskynde. Mei it each op de kommisjebehanneling krigen de steaten tiisdei in brief mei oanfoljende ynformaasje oer Nij Thialf lykas de kosten.

De behanneling yn de steatekommisje is de tarieding op de beslútfoarming oer it útstel yn Provinsjale Steaten. Dy beslútfoarming stiet plend foar de steategearkomste fan 26 juny.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)