Man ferwûne by botsing

Auto tsjin beam by Hijken © Remon Koene
In 25-jierrige man út Appelskea is tiisdeitemiddei yn it Drintske Hijken ferwûne rekke by in ûngelok. Nei alle gedachten kaam de bestjoerder mei de tsjillen yn de berm en doe't er bystjoerde, ferlear er de macht oer it stjoer. Hy botste oan de oare kant fan de dyk tsjin in beam. De brânwacht helle it slachtoffer út de wein. Hy is nei it sikehûs brocht. De auto rekke swier skansearre.