Wrâldrekôr foar bern Drylts

Basisskoalle De Kogge yn Drylts hat it wrâldrekôr flotfarren ferbettere. Mei 40 flotten ha de bern 2 kilometer fearn troch Drylts. Se krigen help fan basisskoalle De Blinker yn Boalsert.
De bern hiene de flotten sels boud. Tidens it farren wiene de flotten oan elkoar ferbûn en sa ûntstie in sliert flotten fan wol 100 meter. It âlde rekôr stie op namme fan in groep Japanners dy't goed oardel kilometer fearn hat. It rekôr fan de Dryltsers komt net yn it Guinness book of records. Dat wie te djoer foar de organisaasje.