Iel fan 'De Fryske Fisker'

04 jun 2013 - 17:18

De Fryske Fisker. Dat is de namme fan it nije merk fan de Fryske ielfiskers. It is ek fuort in karmerk, dat stiet foar in duorsum natuerlik produkt dat yn it Fryske wetter fongen is. De ielfiskers presinteare it merk om't by konsuminten better bekend wêze moat dat de fiskers duorsum wurkje. Sa sette se glêsiel út yn de binnenwetters, fange se de fisk pas as dy 35 sintimeter lang is, wylst dat yn de rest fan it lân al mei 28 sintimeter gebeurt. Folwoeksen iel wurdt de dyk oerset de see yn, sadat se yn de Sargassosee by Meksiko paaie kinne.

De fiskers wolle úteinlik noch fierder gean en alle Fryske iel sels ferwurkje en ferkeapje. Dat sil noch wol in pear jier duorje. Mear ynformaasje is te finen op de webside: fryskefisker.nl

Trefwurden: 
merk iel Fryske fisker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)