Westra optimistysk oer herstel

De Tour de France sil net yn gefaar komme foar hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje. Hy einige tiisdei op lytse efterstân op de earsten yn de tredde etappe fan de rittekoers Critérium du Dauphiné yn Frankryk. De koereur fan Vacansoleil kaam tiisdeitemoarn mei in soad skaafwûnen oan de start.
Westra wie moandei swier fallen yn in ôfdaling yn de twadde etappe. Hy ried by in ôfdaling yn in gat en sloech oer de kop. Hy hat flinke kniezings. Westra is optimistysk oer syn werstel, mar hat tiisdei wol bot ôfsjoen.