Stellen dokterstas werom fûn

Plysje-embleem © ANP
De dokterstas mei medysk guod dy't stellen waard yn De Westereen is werom fûn. It guod, lykas de medisinen, siet noch yn de tas. It jild en it rydbewiis fan de 39-jierrige dokter binne fuort.
De tas waard sneintenacht út de auto fan de dokter stellen. Se hie har auto parkeard op de Gentiaan yn De Westereen. De dokter krige de ynbraak yn de gaten doe't se fuort soe nei in pasjint.