1200 liter disel stellen

04 jun 2013 - 15:02

By Sumar is moandeitenacht 1200 liter disel stellen út in tal grûnsljochters. De masines stiene parkeard by de Burgumerbrêge. Om der by te kommen is in stek iepenbrutsen.

De plysje is op syk nei minsken dy't mear oer de stellerij fertelle kinne. Der is benammen ynformaasje wolkom oer in auto dy't in skoft by it stek stien hat.

Trefwurden: 
stellen disel
(advertinsje)