Gjin jild Almere yn Icedôme

04 jun 2013 - 11:44

De gemeente Almere sil gjin euro oan de nije Icedôme meibetelje. De gemeente hat it folste fertrouwen yn it konsortsium dat de Icedôme bouwe wol. Dat seit wethâlder Ben Scholten fan de stêd. It nije multyfunksjonele kompleks moat 183 miljoen euro kostje.

Inisjatyfnimmer Folkert Buiter seit dat in ynvestearringsmaatskippij it plan betelje wol. De boubedriuwen BAM en Van Wijnen steane dêr garant foar dat se de iishal foar dat bedrach bouwe kinne.

De Icedôme is konkurrint foar Thialf yn it krijen fan de topsportstatus fan de KNSB en NOC*NSF. Almere, mar ek de oare kandidaten Thialf en Zoetermeer, moatte foar 15 july in neiere finansjele ûnderbouwing oanleverje.

Trefwurden: 
Thialf Almere Icedôme
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)