Dronken Belch skelt plysje út

07 jan 2012 - 16:12

De plysje hat ôfrûne nacht yn Ljouwert twa manlju en in frou oanhâlden foar mislediging. Om ien oere nachts wie in 26-jierrige man út it Belgyske Lille oppakt. Hy wie dronken en koe him net identifisearje. Doe't er nei it buro brocht waard, begûn er ien fan de plysjes út te skellen.

Eefkes letter waarden in 20-jierrige frou út Ljouwert en in 21-jierrige plakgenoat ek oppakt. Sy bemuoiden harren mei situaasjes dy't de plysje oan it ôfhannelje wie en misledigen de plysje. Alle trije hawwe op it buro proses-ferbaal krigen. Dêrnei mochten se wer nei hûs ta.

Trefwurden: 
Ljouwert plysje dronken
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)