Stayokay nimt twa hostels oer
De keten Stayokay nimt de hostels yn Snits en Heech oer. Earder stiene dy bekend as jeugdherbergen. De twa festigings wiene al ferbûn oan Stayokay as franchise-nimmers. It tredde hostel yn Fryslân is dat yn Grou. Dat giet selsstannich fierder ûnder de namme Oer't Hout Grou.
Foar de gasten feroaret der net in soad. Stayokay hat no mei-inoar 27 akkommodaasjes yn hiel Nederlân.