Toyota Ljouwert no fan Galema

07 jan 2012 - 10:55

Toyota Valkema op It Hearrenfean liket fallyt te gean. De auto's en de ynventaris binne freed út it bedriuw weihelle. De ymporteur hie dêr opdracht foar jûn.

Yn Ljouwert is ek in festiging fan Toyota Valkema. Dy is freed oernaam troch Bote Galema foardat de saak dêr ek leechhelle wurde soe. Bedriuwslieder en no eigner fan allinnich Toyota Valkema op It Hearrenfean Frits Wind hie de saak yn Ljouwert ferkocht oan Galema. It bedriuw yn Ljouwert giet no fierder ûnder de namme Toyota Galema. Galema nimt it wurk fan It Hearrenfean oer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)