Wetter yn Fryslân sakket

07 jan 2012 - 08:40

It wetter yn Fryslân begjint wat te sakjen, mar de situaasje bliuwt soarchlik. It wetter stiet gemiddeld noch sa'n 20 sentimeter te heech. De tastân fan de kaden yn Fryslân liket no reedlik stabyl. Al is der noch wol 700 meter oan kaden fûn dy't net yn oarder wiene, trochdat se fol mei wetter sitte. It giet om ferskate lytsere stikken kade yn it midden, noardeasten en súdeasten fan de provinsje. Risiko's foar bewenne gebieten binne der net. It Wetterskip is hjoed wer op in paad mei sa'n 80 ynspekteurs en de ferswakte kaden wurde fierder oanpakt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)