Frou mishannele yn Drachten

04 jun 2013 - 10:59

De plysje fertinkt in 18-jierrige ynwenster fan Drachten fan mishanneling. De frou soe moandei in 23-jierrige plakgenoate mishannele ha. Dat wie neidat it slachtoffer wat sei fan in skelpartij dy't de fertochte begûn tsjin in groepke jonkjes. Se skopte dêrby ek tsjin de fyts fan ien fan har. Doe't de 23-jierrige frou dêr opmerkings oer makke ûntstie der in fjochtpartij. It slachtoffer rûn dêrby in skuorke yn har jokbonke op en in harsenskodding. Se moast mei de ambulânse nei it sikehûs brocht wurde. De fertochte is fêstset foar ûndersyk.

Trefwurden: 
Drachten mishanneling frou
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)