Frou ferwûne op A7
In frou fan 27 út Oldekerk is moandeitemiddei ferwûne rekke op de A7 by Snits. Doe't de frou ynienen ôfremje moast, waard se fan achteren oanriden troch in automobilist út Aldeboarn. De frou is mei nekklachten oerbrocht nei it sikehûs. Har auto rûn flinke skea op.