Dief bûtenboatmotor oanhâlden

04 jun 2013 - 09:57

De plysje hat in 35-jierrige Ljouwerter oanhâlden foar it stellen fan in bûtenboardmotor. De plysje waard tipt troch in tsjûge, dy't seach dat de man moandeitemiddei in bûtenboardmotor fan in boat yn Earnewâld helle. Omdat de tsjûge it kenteken fan de auto fan de man trochjaan koe, slagge it de plysje him yn Ljouwert oan te hâlden. Hy is meinaam nei it plysjeburo foar fierder ûndersyk. De bûtenboardmotor is yn beslach naam.

Trefwurden: 
stellen bûtenboatmotor
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)