Lieuwe Westra hurd fallen

03 jun 2013 - 22:59

Hurdfytser Lieuwe Westra fan De Tynje is moandei swier fallen yn de twadde etappe fan Critérium du Dauphiné. Hy is ûndersocht yn it sikehûs. Dêr die bliken dat hy allinnich kniezings hat.

Westra ried by de ôfdaling yn in gat en sloech oer de kop. Neffens him is it in lyts wûnder dat hy neat brutsen hat. Westra hat lêst fan it skouder en in earmtakke. Hy stapt net ôf en wol besykje de kommende dagen noch in goeie útslach te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)