Stipe foar It Hinnepykje Snits

03 jun 2013 - 22:37

CDA-Twadde Keamerlid Pieter Heerma set him yn foar pjutteboartersplak It Hinnepykje yn Snits. By in harksit yn de Twadde Keamer oer de takomst fan de berne-opfang stelde Heerma moandei it absurd te finen dat it boartersplak betelle minsken ynsette moat, wylst de frijwilligersorganisaasje al 35 jier sûnder problemen draait.

By de harksit waard fierders dúdlik dat der wat dien wurde moat oan de regeldruk. Dêr hawwe berne-opfangorganisaasjes bot lêst fan. In mearderheid yn de Keamer sjocht wol wat yn it ferminderjen fan de regeldruk.

(advertinsje)