Finansiering Icedôme ûnseker

03 jun 2013 - 20:53

It bliuwt noch hieltiid ûndúdlik wa't de nije iishal by Almere finansiere wol. Dat die moandeitejûn bliken op in parsekonferinsje fan de gemeente Almere en de inisjatyfnimmers fan Icedôme. Folkert Buiter fan Icedôme seit lykwols tasizzings te hawwen fan ynvestearringsmaatskippijen.

Twa boubedriuwen, Bam en Van Wijnen, hawwe ek garânsjes jûn Icedôme foar 183 miljoen euro bouwe te kinnen. Neffens Buiter kin Almere yn 2014 mei de bou fan Icedôme begjinne.

Neist in wedstriid- en in trainingsbaan foar de reedriders komme der banen foar inlineskaten, keunstriden en in turnhal by it Icedôme. De plannen yn Almere binne in grutte konkurrint foar Thialf. Reedridersbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF nimme op 8 augustus in beslút wêr't de nije topsportakkomodaasje foar it reedriden komme moat. Neist It Hearrenfean en Almere is Zoetermeer ek yn byld.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)