Plysje pakt frou mei drugs
De plysje yn Ljouwert hat moandeitemoarn yn de Vredeman de Vriesstrjitte in 27-jierrige frou oanhâlden, dy't yn besit wie fan drugs.
Tsjûgen seagen de frou yn in auto sitten, wylst se ûnder ynfloed fan drugs wie. Yn de auto fûn de plysje in fleske GHB en trije pûdsjes mei speed en weed. De frou sit fêst.