Ynbraak yn bedriuw Drachten

03 jun 2013 - 17:30

Yn in bedriuw oan de Janssenstrjitte yn Drachten is yn it wykein ynbrutsen. Om binnen te kommen waard in doar fernield. Ut it bedriuw binne in kompjûter, jild, pinpassen en alderhande ark stellen. In 44-jierrige man út Eastermar hat oanjefte dien.

Trefwurden: 
ynbraak
(advertinsje)