Mear winst foar Kabelnoord

Kabelnoord, it kabelbedriuw fan fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân, hat in goed jier hân. Neffens it bedriuw is it oantal klanten yn 2012 dan wol minder wurden, mar de omset is wol omheech gien nei sa'n 10 miljoen euro.
Dat komt foaral troch in taname fan it oantal klanten mei in saneamd 3-in-1 abonnemint. Neist televyzje, krije dizze klanten ek ynternet en telefoan fia Kabelnoord. In part fan de winst set it bedriuw yn foar de oanlis fan glêsfezel.