Mear dielnimmers HT-sylrace
It tal dielnimmers oan de HT-sylrace sit wer wat yn 'e lift. Moandei farre 130 boaten fan Harns nei Skylge. It oantal fan 130 is heger as de ôfrûne jierren, doe't der krekt hieltyd minder dielnimmers kamen.
It sylwaar wie moandei goed. De earste dielnimmers wiene om 11 oer al op it eilân. Moandeitejûn wurdt in tuskenklassemint bekend makke. Tiisdei sile de dielnimmers wer werom. Dan wurdt ek de winner bekend.