Drokte krisissintrum Drachten

06 jan 2012 - 13:07

It krisissintrum yn it gebou fan de Noardlike meldkeamer yn Drachten hat it ek freed drok mei de problemen troch it hege wetter. Yn dat krisissintrum sitte fertsjinwurdigers fan ûnder oare de plysje, de brânwacht, it wetterskip, de gemeente Boarnsterhim en definsje. Sij stimme alle ynformaasje dy't se krije op elkoar ôf, sadat de hiele situaasje rûnom yn Fryslân goed yn de gaten hâlden wurde kin.

Omdat de diken en wetterkearingen oeral sa trochweakke binne, is der noch altiten de kâns dat se trochbrekke. It krisissintrum riedt him ta op sokke gefallen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)