Waadeilannen út romte wei
Astronaut André Kuipers hat freed in foto fan de Waadeilannen op syn Twitter set. Hy hat derby set: De Waddeneilanden. Prachtig om te zien.
Kuipers is op 't heden foar in heal jier yn romtestasjon ISS. Hy gie mei oare astonauten op 21 desimber de loft yn Kazachstan. Twa dagen letter waard harren raket oankeppele oan it romtestasjon.