'Boaten lossnije as it moat'

06 jan 2012 - 12:31

Jachthaven 't Eibertsnêst by Kûkherne hat net al te folle skea hân fan it hege wetter. Havenmaster Mozes wist skea te foarkommen troch boaten dy't te strak yn 'e touwen hongen los te meitsjen of sels los te snijen mei in stanleymeske. "Ik jou leaver in pear euro út oan in nij tou as dat ik skea haw oan in steiger of in skip, dan binne je fierder fan hûs", seit Mozes.

Freed stiet it wetter by Kûkherne al wer mear as fiif sentimeter leger as op tongersdei. De jachthaven leit oan de Swimmer, it farwetter tusken Burgum en de Lauwersmar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)