Sûnder rydbewiis en mei drank

© Omrop Fryslân
De plysje hat sneintenacht op de Vredeman de Vriesstrjitte yn Ljouwert in 34-jierrige ynwenner út de stêd oanhâlden, omdat de man tefolle dronken hie.
Plysjeminsken seagen de fertochte riden en wisten dat de man gjin rydbewiis hie. By syn oanhâlding waard dúdlik dat de Ljouwerter ûnder ynfloed wie. Hy is nei it plysjeburo brocht en dêr is in blaasproef dien. Tsjin de man is proses-ferbaal opmakke.