Sväva winner Kleine Prijs

Sväva wint Kleine Prijs © Jan Sjoerd Geertsma
De Ljouwerter band Sväva is winner wurden fan de Kleine Prijs fan Fryslân. Dit is in wedstryd fan it bêste poptalint fan Fryslân. Sväva krige yn poppoadium Romein yn Ljouwert in bedrach fan twatûzen euro foar opnamen yn in studio, bandcoaching en is in jier lang it úthingboerd fan de Fryske popmuzyk. De rockabillyband Downbeat Maestros krige de measte stimmen fan it publyk en mei foar tûzen euro in fideoclip opnimme.