Auto tsjin beam yn Oerterp

03 jun 2013 - 07:45

Op de Leidyk yn Oerterp hat sneintejûn in ûngelok west wêrby twa auto's belutsen wiene. De beide auto's kamen elkoar temjitte. Nei alle gedachten is ien fan de bestjoerders skrokken fan de oare auto, omdat de dyk frij smel is. Hy rekke yn de slip en kaam tsjin in beam telâne. Oer mooglike ferwûnings fan de automobilist is neat bekend. De ambulânse is wol te plak west. De oare auto koe trochride.

Trefwurden: 
ûngelok Leidyk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)