44.000 euro oan boetes ynbard

02 jun 2013 - 17:59

De plysje hat it ôfrûne wykein 36 minsken meinaam en ynsletten omdat sy nei in feroardieling harren jildstraf net betelle hiene. Yn totaal is der by twahûndert adressen oanbelle en de measten krigen de kâns om it jild dochs noch te betljen. Dat slagge lykwols net elkenien.

Mei de aksje is 44.000 euro ophelle. Trije minsken binne meinaam omdat sy noch in selstraf útsitte moatte.

Trefwurden: 
boete
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)