Bestjoerders ûnder ynfloed

© ANP Lex van Lieshout
Fiif bestjoerders binne sneontejûn en -nacht yn Ljouwert snipt by plysjekontrôles op ferskate plakken. In 32-jierrige man út Boarnsterhim krige in rydferbod fan in oere. Hy hie ek noch foar 5800 euro oan boetes iepen te stean. De man koe net betelje en hy is ynsletten. Hy moat 57 dagen sitte.
Fierders wie in snorfytser (24) út Ljouwert sa dronken dat er 8 oeren net ride mocht. In oare Ljouwerter (28) ried mooglik ûnder ynfloed fan drugs. Twa manlju (fan 34 en 47 jier) krigen ek noch proses-ferbaal plus rydferbod foar dronken riden.