Man troch rút wente treaun

02 jun 2013 - 13:05

Yn Dokkum is sneontenacht in 21-jierrige Grinzer troch in rút fan in wente treaun. Hy rûn mei in groepke oer de Ealzumerpoarte doe't er om ûndúdlike reden in treau krige. De dieder naaide dêrnei út. Hy koe eefkes letter oanhâlden wurde by De Sionsberg. De fertochte wie by it sikehûs om't er ferwûnings oan de hân hie. De fertochte is in jongeman fan 18 jier út Dokkum.

It is net bekend hoe slim oft it letsel fan de man is dy't troch it glês foel. De plysje hat de saak yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Dokkum rút ferwûne glês
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)