Mear dielnimmers Loop Ljouwert

02 jun 2013 - 09:40

De sânde edysje fan Loop Leeuwarden luts wer mear dielnimmers as de foarige. Der wiene sawat 5000 oanmeldings yn it foar en dêr binne op de dei sels noch 600 by kaam. De dielnimmers koene kuierje en hurdrinne.

De organisaasje it tefreden oer it ferrin fan de dei. Sneintemoarn om healwei achten giene de kuierders fan start foar in tocht fan 35 kilometer. Folwoeksenen koene in heale maraton drave, of 5 of 10 kilometer. Foar bern wie der in rinôfstân fan 1 of 2,5 kilometer.

Trefwurden: 
Loop Leeuwarden
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)