Weijsenfeld wint MUSE

02 jun 2013 - 08:43

Petra Weijsenfeld is winner wurden fan MUSE. Se wûn sneon de finale fan it Omrop Fryslân TV-programma, dat yn gearwurking mei it Fries Museum in syktocht hâlde nei de bêste amateurkeunstner fan Fryslân. Weijsenfeld mei no eksposearje yn it Museum.

Yn MUSE waard alve wiken lang striden troch in tal keunstners. Nei in ôffalrace bleaune trije gadingmakkers oer. Petra Weijsenfeld waard winner, op grûn fan de miening fan in saakkundige sjuery en fan publyksstimmen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)