Manon Kamminga: allegear goud

01 jun 2013 - 23:42

Manon Kamminga hat by it NK skeelerjen op de baan yn Almere oant no ta alle ôfstannen wûn. Nei de twa gouden medaljes fan freed, wie se ek sneon twa kear de bêste. De ynwenster fan It Hearrenfean wûn de 1000 meter en de puntekoers. Op de puntekoers waard ploechgenoate Elma de Vries twadde. By de manlju wûn Crispijn Ariëns de puntekoers, foar Jan Blokhuijsen en Ruurd Dijkstra. Wolvegeaster Ariëns waard twadde op de 1000 meter achter Michel Mulder fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
NK baan skeelerjen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)