Froulju Judo A-Zeven kampioen

© stock.xchg, P. Nijhuis
De judofroulju fan A-Zeven, it noardlike gearwurkingsferbân fan judoklups mei It Hearrenfean as sintrum, binne sneon yn Nijmegen Nederlânsk kampioen wurden. Yn de finale waard regearend kampioen Budokan fan Rotterdam mei 3-2 ferslein. De froulju sille no meidwaan oan de Europa Cup. It manljusteam fan A-Zeven waard yn de oergongsklasse twadde en promovearret nei de heechste klasse, de haadklasse.