Bart wint Scherjon Memorial

Bart Helmholt hat op syn thúsbarte de earste Eelke Scherjon Memorial wûn. Dat is de nije namme fan de earste fierljepwedstriid fan it seizoen yn Burgum ta de neitins fan Eelke Scherjon. Fierljepikoan Scherjon ferstoar yn febrewaris 2012. Helmholt ljepte 20.23 meter. Age Hulder pakte de winst mei 19.14 by de junioaren, Jan Teade Nauta wie mei 16.98 de bêste by de jonges. By Marrit van der Wal wie it laitsje en gûle. Se wûn mei in pr fan 15.16, mar kaam yn de sprong dêrnei raar op de râne fan it sânbêd telâne. In brutsen pols wie it gefolch.