Frou tsjin de grûn slein

Plysje-embleem © ANP
In 24-jierrige frou út De Lemmer is freedtejûn troch in 18-jierrige man út Den Haach tsjin de grûn slein. De frou krige yn in fastfoodrestaurant op 'e Lemmer rûzje mei in groepke besikers. Mooglik hat de groep rasistyske opmerkings makke. Doe't de frou in jonge tsjin it petsje tikke, helle hy út en joech er de frou in slach.
Dêrnei naaide de groep út. By Emmeloord waarden se troch de plysje fan de dyk helle. De 18-jierrige jonge is oanhâlden.