XTC oanbean oan plysje

01 jun 2013 - 12:52

In 34-jierrige Drachtster is freed op 'e died trapearre doe't er drugs ferkeapje woe oan in plysjeman. De plysjeman hie frij en rûn yn gewoane klean om, doe't er op strjitte oansprutsen waard troch de drugsdealer. De plysje warskôge syn kollega's dy't de man oanhâlden. De hanneler hie xtc-pillen by him.

Trefwurden: 
plysje drugs xtc
(advertinsje)