Delegaasje op besite Sionsberg

De Sionsberg © Omrop Fryslân
In delegaasje fan de Provinsje Fryslân, alle politike partijen út de Twadde Keamer, de ynspeksje foar de Folkssûnens en soarchfersekerder De Friesland giet nije wike freed nei sikehûs De Sionsberg yn Dokkum. De gemeente Dongeradiel hat harren útnoege om sels te sjen hoe't it om en ta giet yn it sikehûs. Se kinne ek prate mei it bestjoer fan de Sionsberg.
Guon ôfdielings, ûnder oare de akutesoarchpost, stiet op de nominaasje om ticht te gean. De kwaliteit fan de soarch net garandearre wurde kin. Der wurdt noch wol oerlein oer de sluting.
In aksjegroep út de regio besiket fanalles om it sikehûs hielendal iepen te hâlden.