Finale keunstwedstriid Muse

01 jun 2013 - 11:45

De syktocht yn 'Muse' nei de bêste amateurkeunstner fan Fryslân komt sneon ta in hichtepunt. Nei tsien ôfleverings binne der trije finalisten oer: Petra Weijsenfeld, Yvette de Koning en Sjoerd Jan Edelenbos. De winner kriget in eksposysje yn it nije Fries Museum op it Saailân.

De finale wurdt jûn live útstjoerd op Omrop Fryslân Televyzje om kertier oer seizen en dêrnei alle oeren yn de herhelling.

De finalisten hiene twa wike de tiid om ta in slotstik te kommen. Foar it finalewurk fungearret Fryslân as muze. Ofrûne sneon presintearren de finalisten harren wurk yn it Fries Museum en rôpen sy minsken op om te stimmen. De filmkes binne te besjen op de website fan Muse

Trefwurden: 
Muse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)