ONS hat seleksje rûn

01 jun 2013 - 11:44

Topklasser ONS Boso Snits hat mei it oanlûken fan ferdigener Johan Molenaar de seleksje rûn. De 26-jierrige Molenaar, Fries om utens, spile de lêste jierren by sneinshaadklasser Be Quick 1887 yn Grins. Mei dy ploech waard er dit seizoen kampioen en koe er de sneinstopklasse yn. Hy hat lykwols keazen foar twa jier ONS en de sneonstopklasse.

Trefwurden: 
fuotbal ONS
(advertinsje)