Stipe foar plan De Kûpe

31 maaie 2013 - 20:34

Achtkarspelen wol in pleatslik inisjatyf om it swimbad fan Bûtenpost iepen te hâlden stypje. De wurkgroep "Behoud zwembad De Kûpe" wol it bad noch fiif jier iepenhâlde, om dêrnei te sjen oft der in nij swimbad komme kin. De Kûpe is slim ferâldere. Foar de plannen krijt de wurkgroep, as de ried akkoart giet, per jier goed 170.000 euro, plus in startsubsydzje fan twa ton.

Trefwurden: 
swimbad De Kûpe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)