Provinsje: neat ferkeard dien

31 maaie 2013 - 20:08

De provinsje seit yn in reaksje dat der by de plannen foar it nije Thialf gjin sprake is fan ûnwettige steatsstipe. Yn it bedrach foar it iisstadion, dik 80 miljoen, sit 50 miljoen fan de saneamde Nuon-jilden. Tweintich miljoen is oanfrege by it ryk, mar neffens juridysk advys dat de provinsje frege hat is dat tastien. De rest fan it bedrach, sa'n 11 miljoen, moat fan merkpartijen komme.

Uteinlik sil de Europeeske Kommisje in oardiel jaan moatte oft der sprake is fan net-tastiene oerheidsstipe, sa seit in wurdfierder fan de provinsje.

Trefwurden: 
Thialf provinsje steatsstipe
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)