Merk brûkte auto's lûkt oan

Auto Joure XL, dy't twaddehâns auto's ferkeapet, hat noch net sa folle profyt fan de oanlûkende fraach nei occasions. Neffens grutoandielhâlder Stoffel Papjes nimt de fraach wol ta. Mar tagelyk is der ek krapte op de merk en dat betsjut dat de hannelsprizen oprinne.
It ekonomysk buro fan de ING bank publisearre freed in ûndersyk dêr't út bliken docht dat yn april mear brûkte auto's ferkocht binne as in jier earder. De prizen sitte ek yn de lift.
Papjes kin wol mear auto's ferkeapje, mar troch krapte op 'e merk kin er der net altyd goed oan komme.