Jild foar stipepunt Skierstins

31 maaie 2013 - 17:02

It nije archeologysk stipepunt yn De Skierstins yn Feanwâlden kriget sawat 60.000 euro fan de provinsje Fryslân. Dat is de helte fan de kosten fan it totale projekt.

Yn it archeologysk stipepunt kinne besikers de skiednis fan de Skierstins belibje. De monumintale toer yn Feanwâlden is de iennige ferdigeningstoer út de midsieuwen dy't oerbleaun is yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)