Natuermuseum op De Westereen

31 maaie 2013 - 16:14

It âlde Natuermuseum Dokkum hat freedtemiddei offisjeel it nije ûnderkommen op De Westereen iepene. De namme is feroare, om't se net mear yn Dokkum sitte. It hjit no Natuurmuseum Bruinenberg, neamd nei de oprjochter fan it museum. It museum is ferhuze nei De Westereen, om't de gemeente Dongeradiel der gjin jild mear yn stekke woe.

Natuurmuseum Bruinenberg sit by Zanjezoo yn. De bistetún nimt de eksploitaasje fan it museum foar syn rekken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)