SWF wol net mear wynmûnen

De gemeente Súdwest-Fryslân wol dat de provinsje sjocht nei nije plakken foar wynmûnen. Reden is dat de provinsje mei de wynmûnen yn it jier net langer 400, mar 525 megawatt oan enerzjy produsearje wol. Yn Súdwest-Fryslân binne plannen foar wynparken yn de Iselmar en by de kop fan de Ofslútdyk. In grut part fan de provinsjale doelstelling wurdt mei dy parken helle.
Wethâlder Gea Akkerman fielt der neat foar om noch mear mûnen yn 'e gemeente del te setten. Se fynt dat de provinsje sjen moat nei kustplakken tusken Harns en Dokkum.