Weening en Westra selektearre

Pieter Weening © ANP
Hurdfytsers Pieter Weening en Lieuwe Westra sitte yn de foarseleksje fan bûnscoach Johan Lammerts foar de kommende twa wrâldkampioenskippen. Dat hat de KNWU bekend makke. Der is in foarseleksje makke fan fyftjin hurdfytsers dy't noch oanfold wurde kin. It WK fan dit jier is yn Florence yn Italië. It WK fan 2014 is yn it Spaanske Ponferrada.