Himpkwekerij yn Kollumersweach

31 maaie 2013 - 10:11

In Kollumersweachster (46) is tongersdei oanhâlden foar it kweken fan himp en foar ferbean wapenbesit. De plysje trof santich himpplanten oan by de man. Dêrnjonken waard ek noch in fjoerwapen en in soad jild fûn. De fynst waard dien yn in sjalet fan de man oan de Bounswei yn Kollumersweach.

De plysje naam ek noch in motor mei. Dy is mooglik kocht mei jild dat de man fertsjinne hat mei it ferkeapjen fan de himp. De man sit fêst foar ûndersyk.

Trefwurden: 
himp wapen Kollumersweach
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)