Man delstutsen yn Ljouwert

31 maaie 2013 - 06:16

Yn de Ljouwerter Dennenstrjitte is tongersdeitejûn in man (36) delstutsen. De plysje fûn de man bûtendoar by de flat dêr't er wenne. De man is oerbrocht nei it sikehûs.

De plysje wit noch net wa't de dieder is. In oare man is oanhâlden nei it hearren fan tsjûgen. Dy man hie njonken de delstutsen man op strjitte sitten. Wat syn rol west hat, is noch net dúdlik. De ferwûne man ferklearre tsjin de plysje dat er yn syn hûs delstutsen waard troch in ûnbekende man.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)